De 1940-er jierren, ek oantsjut as de fjirtiger jierren en de jierren ’40, wiene in desennium fan 'e 20e iuw neffens de Gregoriaanske kalinder. Rekkenkundich sjoen begûn it op 1 jannewaris1941 en duorre it oant en mei 31 desimber1950, mar yn 'e regel wurdt ornearre dat it duorre fan 1 jannewaris1940 oant en mei 31 desimber1949. De earste helte fan dit desennium waard dominearre troch de Twadde Wrâldoarloch, wêryn't nazy-Dútslân, Japan en harren bûnsgenoaten út wiene op wrâldhearskippij. Nei fiif jier oarloch wisten de Alliëarden, ûnder oanfiering fan 'e Feriene Steaten en de Sovjet-Uny, de Dútsers en Japanners einlings te ferslaan. Neitiid ûntstie der in nij wrâldomfiemjend konflikt doe't de kapitalistyske Feriene Steaten en de kommunistyske Sovjet-Uny deilis rekken yn 'e saneamde Kâlde Oarloch, dy't mear as fjirtich jier duorje soe. Underwilens wie benammen Jeropa troch de ferwuostgings yn it ramt fan 'e Twadde Wrâldoarloch yn in ekonomyske krisis stoart. Yn 'e twadde helte fan 'e fjirtiger jierren waard in begjin makke mei de weropbou, dy't ek yn 'e 1950-er jierren noch hast tsien jier trochgean soe. Oare wichtige ûntwikkelings yn 'e 1940-er jierren wiene de ferbettering fan ynternasjonale gearwurking troch de oprjochting fan 'e Feriene Naasjes, de dekolonisaasje fan dielen fan Aazje en it begjin fan it konflikt tusken Israel en de Arabieren yn it Midden-Easten.
Besikers kinne mei de Temasiden sjen hokker siden wy fan beskate tema's hawwe. Mei de Kwissipedy kinne besikers op in boartlike wize yn 'e kunde komme mei de ynhâld fan de Wikipedy.
Sjoernalisten dy't wat witte wolle oer de Wikipedy kinne sjen by Parse.
Nije skriuwers kinne altyd Meidwaan, mar dêrfoar binne wol wat lytse Regels. Begjinnende skriuwers kinne better earst sjen hoe't hja Ienfâldich begjinne kinne.
Alle siden fan de Wikipedy falle ûnder de GNU Iepen Dokumintaasje Lisinsje. De ynhâld is iepenbier en mei ûnder de lisinsjebetingsten frij ferspraat wurde.